Home laatste nieuws Opgoaier (6) | Keatstoto

Opgoaier (6) | Keatstoto

498
0

Dit wie wat Johannes ferklapte. Gert-Anne wint fan Marten, Tsjisse wint fan Jelle, Hendrik wint fan Menno, Johan fan Jelte-Pieter, Jan Dirk fan Peter. Dêrnei wint Gert-Anne wint fan Tjisse, Johan wint fan Hendrik. Yn de heale finale wint Gert-Anne fan Jan Dirk. Yn de finale wint Johan fan Gert-Anne. Of oarsom. Dat wie my net hielendal dúdlik, mar foarút… Omdat ik freonlike jonge bin, hâlde wy it op it lêste.

Yn de earste omloop hie er trije winners goed en twa net. Net in ferkeard gemiddelde, mar je winne der noait de Toto net mei. Oan de oare kant hie Johannes dan wol wer twa fan de trije priiswinners (de nûmers ien en trije) goed. Knap, mar krekt net genôch foar de haadpriis yn de net besteande Keatstoto. Ik makke trouwens myn eigen listje en die it in stik beroerder. Ik seach nei de frije formaasjewedstryd yn Frjentsjer it partoer fan Gert-Anne net fuortendalik mei 5-0 en 6-0 fan it partoer fan Tjisse winnen. Mar goed, ik seach Boalsert yn de earste omloop fan de Bûnspartij ek net fan Bitgum winnen. Dat is it moaie oan sport, ek oan keatsen, wy (kenners of leken) sjogge lang net alles yn it foar oankommen. Gelokkich net.

Want wa seach oankommen, dat it partoer fan Menno van Zwieten de finale helje soe en dêr sels mei 3-0 en 6-0 foarkomme soe tsjin Gert-Anne? Ik net, Johannes ek net want dy liet dat partoer al yn de earste omloop sneuvelje. Jout neat. Dat is sport. Wa seach oankommen, dat Menno op 3-0 en 6-6 alle kanten út koe mei de bal, mar krekt net dy kant dy’t er keas? It waard it brekpunt yn de partij, dêr wiene winners en ferliezers it wol oer iens. Neam it mar hoest it neame wolst. In flater, in ferkearde ynskatting, pech, efkes net skerp genôch. It kin allegear wier wêze. De foarm fan de dei, gelok, domme pech, in ferkearde beslissing fan de skiedsrjochter, in karmaster dy’t krekt de gehaktballen yn de sop siket wylst de bal lâns de kweapeal fljocht… Der binne safolle saken fan ynfloed dêr’t net ien echt ynfloed op hat, dat de útkomst eins nea te foarsizzen is.

keatstoto

In Keatstoto? Ik soe der noait oan begjinne. No ja, as organisator miskien, dat is neffens my de iennichste wize om jild oer te hâlden oan foarsizzings oer keatsen. Ik seach de earste list fan de earste klaspartij yn Berltsum, rôp it partoer fan Arnold Zijlstra alfêst út ta winner. Sy hellen de finale. Ik siet der dus net hiel fier ôf, mar hie myn ynset fansels wol kwyt west.

Ik seach op snein de jongens keatsen yn Marsum. Fjirtich partoeren op de list. KV Foarút yn Marsum wie der wiis mei en dat wie terjochte, ek al moast de wedstryd dan wol om njoggen oere moarns begjinne. Moai guod ek, dy jongens. De bek yn beide hannen, mar ek net te beroerd om de tomme op te stekken foar in moaie sitbal fan de tsjinstanner. Ja, der fleach wolris ien bûten. Dat heart allegear ek in bytsje by dy kategory. De bravoer, it entûsjasme en it temperamint winne it dan wolris fan it sûne ferstân.

In foarsizzing foar de Freule? No al? Toe mar dan, foar wat it wurdich is… Peins, Menaam, Tsjummearum, Berltsum. Net perfoarst yn dy folchoarder, trouwens. No moat ik der wol by sizze… Ik seach yn myn foarige kollum de nije PC-foarsitter ek wol efkes seis omlopen winnen op de Zachte Bal PC en dat aventoer wie nei ien omloop ek al oer. Twa earsten opslein en hy stie al op it skouder om te wriuwen. Nee, Ids wie sneon net it bêste keatshynder fan stâl. Ynset 100%, rendemint wat minder. Gelokkich hawwe wy de foto’s noch en mei er op de Fyfde Woansdei fanút it koepeltsje sjen hoe’t it ek kin.

Miskien moat ik my gewoan net tefolle bemuoie mei foarskôgings en foarsizzings. Mar as jim tenei witte wolle wa’t der net wint, freegje mei dan op it fjild gerêst wa’t ik tink dat der winne sil. Ach wat! It bloed krûpt somtiden wêr it net gean kin, dus ik doch der noch wol ien. In Keatstoto, mei mar ien fraach. Ik kom nammentlik ek wolris yn in kuiergong en dan hearre je noch wolris wat.

Komt er! Bûnspartij werom nei it Sjûkelân takom jier? Ik tink it wol. Sels heard. Fan wa? Sis ik net, want dan hear ik nea wer wat.

Soe ik gelyk hawwe of net? Set mar yn.

Jacob Stelwagen

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in