Ynienen siet frou Kaatsnieuws freedtemoarn rjochtop yn bêd. Of it al ljocht wie bûten wist ik net iens. Ik murmele soks as: “Wat sil dit en wat moat dit?” Wylst se de sliepkeamer útdraafde mei de krulspjelden yn en de pantertoffels oan hearde ik noch krekt de wurden: ‘stellerij’ en ‘Rick’. Se like op, foar de âldere lêzers, in karakter út de fideoklip I Want To Break Free fan Queen. Bin ik fan fan, hear. Ik draaide my nochris om. Myn earste frije freedtemoarn sûnt oktober fûn ik net it oanwiisde momint om my drok te meitsjen oer keatsen. Of… Sy en Rick? Mar wa is Rick dan? It sil dochs net? Stelt sy mei in oar? Haw ik wer wat nuvers sein?
Nee, dat foel diskear ta. It gie echt oer keatsen.
Spitich, want ik haw dêrtroch wat mist leau ik.
Ik skriuw it no sa op dat in net-folger der neat mear fan begrypt. Rick ferfangt Gabe-Jan takom jier by Menno en Tjisse. Trije earsten yn de PC-finale beslist en dochs oan de kant set wurde. Bysûnder, mar ek wol in bytsje te begripen, en dêrmei wie it spul op de wein. Gabe-Jan nei Johan. Hendrik derby, want syn opslagger Marten woe fierder mei Hessel en Pieter Jan. Laas Pieter komt werom en giet mei André en Thomas. Remmelt moast fuort, want Allard en Kevin Jordi keatse takom jier mei Peter. Binnen in oere wiene der allegear nije trijetallen formeard. Doe’t ik ûnderen kaam, seach frou Kaatsnieuws der frijwat waarm út. En nee, dat hie mei de leeftiid neat te krijen. Yntiids diene tillefoan en laptop fan frou Kaatsnieuws pling-plong-pling-plong en noch op syn minst sa faak pling-plong. En wylst dat barde fertelde se my boppesteande earste gearfetting yn fyftjin tellen.
Doe hie ik it ek waarm.
Ik stapte ferdwaasd mei ús twa Beagles nei bûten. Dat stelt in stik makliker, kin ik sizze. Wolle jim mei my kuierje? Fansels. En hup, dêr giene wy mei ús trijen. Gjin gedonder. Gjin geouwehoer fan… Ja, mar wy wolle ek wolris mei in oar út. En oarsom ek net… Ik wol ek wolris mei oare hûntsjes kuierje. Nee. Ofspraak is ôfspraak. Doe’t wy weromkamen, stie der in moai listje op kaatsnieuws.com mei de partoeren foar takom jier.
Neat oan de hân. Oant snein.
Hendrik woe de tredde syklus dochs net mear mei Marten. Hy giet nei Bauke en Patrick, want Dylan sjogge we dit jier net wer. O, tocht Marten… Dan is it miskien handich as ik dit jier alfêst keats mei Hessel en Pieter Jan. Dus Marten bellet Hessel, want Pieter Jan is op Kreta. Of se net al yn de tredde syklus mei elkoar keatse koene. Mwah… Tocht Hessel. Moat kinne. Hy bellet Pieter Jan. Dy sit by krekt wat mear as 30 graden yn it wetter of oan it bier en seit soks as: “Ja, ik bin no op fekânsje. Sykje it mar út.” Sûnder it echt te beseffen, hie Pieter Jan dêrmei Haye Jan yn de steek litten en dat wie net de ôfspraak. Haye Jan hie ôskied nommen op de PC, mar woe noch wol graach de tredde syklus keatse. Bitgum. Aldehou. Der binne mindere partijen. Mar no wie Haye Jan ynienen yn de steek litten, tsjin alle ôfspraken yn.
Geert van Tuinen neamde dat in dolkstek yn de rêch fan Haye Jan. En dat snap ik.
En netinkend op Kreta tocht Pieter Jan ynienen… “Να πάρει. Δεν μπορεί να είναι έτσι. Είχαμε μια συμφωνία και δεν μπορεί να ρίξουμε έτσι τον Haye Jan. Δεν θα το κανω. Πηγαίνω πίσω.” Pieter Jan syn Gryks is nochal goed, dat ik moast it oersette: “Och, tomme. Sa kin it ek net. We hiene in ôfspraak en it kin net sa wêze, dat wy Haye Jan sa falle litte. Ik doch it net en gean werom.”
Dat makket Pieter Jan foar my de held fan dizze stellerij. In flater meitsje kin en mei. Dat makket je net minder as in oar. Der op weromkomme en tajaan, dat je je maat ûnrjocht oandogge… Dat is karakter. Miskien minder kâns op dielname yn Bitgum en op de Aldehou.
Dat is dan mar sa.
Pieter Jan die it iennichste dat goed is en dat is him oan syn ôfspraak hâlde. Dat is net altyd gebrûklik yn it keatsen en it bringt je yn de sport miskien ek net perfoarst fierder yn de takomst.
Mar respekt is ek wat wurdich.
Gefolch is in list mei partoeren foar de tredde syklus mei dêryn likefolle gatten as yn it ûnthâld fan Joe Biden. En dêryn is trouwens it keatsen ek al gjin hier better, al is it ûnthâld dêr wat mear selektyf.
As Pieter Jan lekker keatst, is elts dit ferjitten. Of net. Yn beide gefallen, kin er himsels rjocht yn de spegel oansjen en kin er alle kanten wer op. Mei de holle omheech. Ik beskuldigje net ien, mar dat kinne net alle keatsers sizze.
Myn eksúses oan de bûtensteanders. De stellerij is in net te begripen fenomeen. “In poppekast,” sei in keatser tsjin frou Kaatsnieuws. In oaren ien sei: “Apekoai.” Mar prinsipes binne algemien en universeel. Dat begripe jim allegear.
Der is in moaie Fryske siswize foar… Wat men sieddet, sil men rispje.
(Jacob Stelwagen)