It folk fêstige ôfrûne wykein de hoop op Douwe Bob, mar krige Max Verstappen. Wat no ‘Slow down‘? Fol gas! Dat moat Marten Bergsma ek tocht hawwe, doe’t er moandei foar Minnertsgea op de Bûnspartij yn Frjentsjer stie. Sport en spultsjes dogge nuvere dingen mei minsken.
Mear as twahûndert miljoen minsken seagen it Songfestival op tv. Of ik it sjoen haw? Ja hear. Alles. Hielendal. By ús gie dat sa’n bytsje sa.
“Toe juh, de kat wol derút. Hy bliuwt mar janken.”
“Nee, dat is de ynstjoering fan Poalen.”
Oan de ein fan it ferhaal wie in Súd-Koreaanske út Austraalje hast mei in Europeeske priis útnaaid, hie ús ynstjoering sawat it hiele dielnimmersfjild besocht te fersieren en wie Ruslân lilk omdat in ferske oer de deportaasje fan Krim-Tartaren yn 1944 it wûn. Gesellich hear. Ik haw it hielendal útsitten, fiif oeren lang en dat foel net ta. It wie krekt as ite by McDonald’s. Je tinke, dat je hiel wat hân hawwe, litte in bêste boer en hawwe akkuut wer honger. It begjint sa aardich, mar it rint altyd wat sneu ôf. In dei letter skreau Max Verstappen sportskiednis. De earste Nederlanner dy’t in Grand Prix yn de Formule 1 wint, de jongste ea ek noch en boppedat as debutant yn syn nije team. Top!
Yn sport kin blykber alles. Dat bringt my by de moaie saken yn it keatsen. Dy binne der, mar je moatte se sjen wolle. De diskusje of it sport, hobby of folkoare is, weagje ik my hjoed net oan. Wat der op moandei op de Bûnspartij barde, wie likegoed in noflike ferrassing. Ek top!
+1
De grutte favoryt Bitgum en outsider Ljouwert stroffelen al oer in horde yn de earste omloop, krekt as Rosberg en Hamilton in dei earder op it sirkwy fan Barcelona. Hoewol, dy stroffelen dan noch oer elkoar. En dan wurdt it ynteressant yn sport. Wa stiet der dàn op? It waard Minnertsgea, mei debutant Marten Bergsma oan de opslach. Jierrenlang stie er yn it skaad fan Chris Wassenaar, mar no krige er lang om let in kâns. “En dy haw ik wol pakt, toch ik sa,” sei er nei ôfrin. Tocht ik ek en dat is in prestaasje op himsels. De opfolger wêze fan Chris Wassenaar… Ik tink, dat der makliker posysjes binne yn it keatsen.
+1
In jier lyn stie Marten sels noch op de keatsoff en ferlear de finale dêr op hast ûnmooglike wize. Minutenlang lei er útteld op it fjild. Ik woe him foar de radio wat fragen stelle, mar troch frustraasje en fertriet kaam der gjin sinnich wurd út de keatser.
“Miskien aanst,” sei er doe.
“Is goed joh,” wie myn antwurd.
Hy rûn fan it fjild ôf rjochting klaaikeamer en ik haw him dy dei net wer sjoen. De teloarstelling wie blykber te grut. Ik snap dat.
Krekt dàn komt it der op oan. Hoe giet in sporter dêrmei om? Bliuwt er hingjen yn syn teloarstelling of docht hy der in skepke boppe-op? Marten die it lêste, die oan wallball yn de winter (goed foar it fuottewurk en je leare beide hannen brûken) en it resultaat seagen wy hjoed. Ik fyn it knap en it is him gund. En dat bringt my by yts, dat ik dit wykein alris op Facebook skreau. As twahûndert miljoen minsken dy doffe ellinnde fan dat festival útsitte… En mar klage oer it tempo… En mar jengelje oer de foarspelberheid… En mei syn allen de útslach en de opset fan de kompetysje yn twifel lûke. Wêrom sjogge se dan überhaupt nei dat gedoch? Sis it mar.
Hat dat mei keatsen te krijen? Ja. Lit my dit deroer sizze… Keatsen duorret ek wolris lang, de minsken dogge der lykwols in stik minder hystearysk, se klaaie harren net perfoarst better mar wol minder omstriden, de útslach is yn’e regel sa foarsisber net en it is gewoan in ferrekt moai spultsje. In spultsje, dat eintsjebeslút altyd beslist wurdt op kwaliteit en net op basis fan de fraach hoe aardich je buordoarpen binne foar jo en jo foar je buordoarpen. Dus foar my is de kar ferrekte gau makke… Ik jou dêrom sûnder al te djip nei te tinken noch altyd de foarkar oan ús sport, hobby, folkloare of hoe’t jim it dan mar neame wolle. Ik wit ek… De kâns, dat twahûndert miljoen minsken dat ea mei my iens wurde, is lytser as nul. Ferjit it spektakel deromhinne (foar safier oanwêzich), ferjit benammen it gelul en de striid deromhinne (dat is absolút oanwêzich) en besykje te genietsjen fan de moaie dingen dy’t der èk te sjen en te hearren binne. As it glês heal fol is, is it ek heal leech. It is mar krekt hokker fan dy beide opsjes ast sels sjen wolst.
Marten Bergsma, noch mar krekt tweintich jier.
Ien Bûnspartij keatst. Ien wûn. Net allinnich fansels, mar mei Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Dat wit ik ek wol. Dat gemiddelde mar wat oanhâlde, Marten, dan komst der wol.
En oars ek wol, hear.
Jacob Stelwagen