Gjin swipe as sa’n ding wêrmei’t je in hynder wat opsjitte litte. Swipe yn it Ingelsk! Links of rjochts. Jim kenne dat allegear net kuch mar it bestiet wol. Ik kom der sa op werom.
In bytsje ynsjoch oer hoe’t it efter de skermen by Kaatsnieuws giet. Dêr kamen nammentlik in soad fragen oer binnen. In stik as twa wol, skat ik yn.
Dit stik giet dan dus net sa bot oer my, want ik haw mar in rol yn de marzje. Ik bin dy man dy’t licht autistysk achter frou Kaatsnieuws oanrint yn ôfwachting fan wêr’t it no wer hinne giet. En wêroer it giet. Frou Kaatsnieuws hat al jierren in soartefan rol as keatsmakelder. Yn it fuotbal strike de makelders fan guon spilers safolle jild op, dat sy sûnder sels te fuotbaljen like hurd jild fertsjinje. Frou Kaatsnieuws net. Dy docht dat sûnder eigenbelang.
Spitich, want ik soe der fansels skamteleas fan meiprofitearje wolle. In persintaazje fan it prizejild soene guon keatsers har gunne moattte. Ik bin ek wol ta oan in elektryske fyts.
Ik haw it sels wol meimakke, dat in keatser my in app stjoere wylst de stellerij noch begjinne moast. De keatser, litte wy him ‘Hans’ neame (in fiktive namme fansels) appte dan: “Set dyn kompjûter mar oan, it giet sa los.” En ferdomd… Binnen it oere hie dizze ‘Hans’ (in fiktive namme dus!) in nij partoer en gie de hiele boel oer de kop.
Mar dêrnei?
Dêrnei rekken alle keatsers in bytsje yn de war en somtiden yn panyk. Wa docht it mei wa en wannear? En wa soe it mei wa dwaan wolle? Of mei my? Mei wa wol ik it dwaan en haw ik syn nûmer wol? Dêr komt dan frou Kaatsnieuws yn byld. Binnen twa oeren komt der reek út har tillefoan.
“Wit frou Kaatsnieuws noch in foarynse?”
“Wa is der noch oer?”
“Hat frou Kaatsnieuws it nûmer fan dy-en-dy keatser?”
“En fan dy keatser?”
En ik moat sizze… Frou Kaatsnieuws stelt har net weromhâldend op.
“Dy is noch oer.”
“Mei dy? Past net by dy.”
“Nee, do moatst mei dy keatse. Hjir hast syn nûmer.”
“Hast al belle? Nee. Doch dat dan!”
“Wêrom hasto eins noch gjin partoer? Belje dy dan!”
“Tinkst dochs net dat de toppartoeren op dy sitte te wachtsjen?”
Ja. Frou Kaatsnieuws kin hiel direkt wêze. Ik wist dat al wol. En nee, ik hoech jim begrutsjen net.
Hokker keatsers dat dan freegje? Siz ik fansels net. Dan hearre wy nea wer wat.
Dochs tink ik, dat it makliker kin mei dy stellerij. Frou Kaatsnieuws regelt dat as it net om de toppartoeren giet. Dat gedoch mei beljen, appen, keatsers dy’t de tillefoan út hawwe omdat op it moment suprême dronken yn in feesttinte steane, keatsers dy’t yn it bûtenlân sitte en gjin idee hawwe dat maten al lang útnaaid binne nei in oar partoer. It bart allegear, mar it is net nedich.
It kin oars.
Miskien is in Tinder-eftige app in idee?
Moaie keatsfoto yn it profyl. In oersjoch fan de prizen, sterke punten en swakke punten yn de profyltekst. De swakke punten soe ik wol wat stilhâlde of delbêdzje, mar wat neatsizzends moat der altyd by. Net ien is ommers perfekt. Kies mar foar: “Net hiel goed mei kopballen.” Of: “Deeglik, mar dochs ek wol in bytsje stout.” Of: “Sportyf, mar hâldt fan in pilske.” Of: “Koe as beuker net goed binnen de lyntsjes kleure, mar no somtiden wol.”
Wolst dermei keatse? Swipe rjochts. Leaver net? Swipe links. Of oarsom, want ik wit der fansels en neat fan… Eintsjebeslút komt der dan in oantal ideale matches út. As der in match tusken in opslagger, foarynse en achterynse is, dan wurdt dy automatysk ynskreaun op de side fan it keatsbûn.
Makliker wurdt it net.
Dit is fansels ek in ferhoalen boadskip oan Jan Bles. Do bist dwaande mei ynnovaasje en as dizze keatstinderapp gjin ynnovaasje is, wit ik it ek net mear. De ynnovaasje fanút it bûn begûn tige entûsjast, mar as leafhawwers fernimme wy der eins neat mear fan. Trapet der immen of in organisaasje op de rem? En hokker organisaasje is dat dan? Mei ik ien kear riede? It ien is dreger as it oare, mar net alle ynnovaasjes hoege in jier te duorjen.
En foar de minsken dy’t deroer falle, dat ik konsekwint frou Kaatsnieuws skriuw… Ik kin ek in hiel soad oare wurden as ‘frou’ en dy binne net allegear better of respektfoller. En dat wit frou Kaatsnieuws ek. Sy wit ek, dat ik it net beslist hiel min bedoel.
En jim reitsje ek net fuortendalik ferwûne as jim har sa neame.
(Jacob Stelwagen)