Ja, it barde yn Tsjummearum op Himelfeartsdei. Bitgum wûn net allinnich fiif omlopen yn Weidum, mar werhelle dat yn Tsjummearum. En dus giene de krânsen wer mei nei Bitgum. No ja, nei Bitgummole. Mar wy as Bitgumers binne ree om te akseptearjen, dat Bitgummoolsters by ús hearre as sy wat winne.
Sels sizze de keatsers no, dat de Bûnspartij (it NK Senioren komt my de strôt gewoan net út) in partij op himsels is en dat it net sa is, dat sy no ek fuortendalik de grutte favoryt binne op Pinkstermoandei. Dat binne sy fansels wol. It gemak wêrmei sawol Weidum as Tsjummearum wûn waarden, bewiist dat. Yn Frjentsjer wûnen Steenstra en Terpstra trouwens wer, no mei Herman Sprik yn de frije formaasje. Fyftjin omlopen, nul ferlern. Koe minder, seit in Fries dan.