Home Geen categorie Opgoaier (10) | Hip

Opgoaier (10) | Hip

415
0

If it ain’t broke, don’t fix it. Hip dochs? Efkes mei in pear Ingelske wurden smite. Cool. It betsjut safolle as: as it net stikken is, hoege je it ek net te meitsjen. Dat klinkt logysk, omdat it ek logysk is.

Ik bin de namme fan it bedriuw fergetten, mar de KNKB hat no in businesspartner. En in supplier. Dat lies ik op de webside fan it bûn en fan beide wit ik eins net wat it krekt ynhâldt wylst myn Ingelsk hiel behoarlik is. Ik wit net of it hjir om in package deal gie en of se al op de boarding steane. Dat stie der net by. Ik snap nut en needsaak fan sponsoring, want dêr sil it wol mei te krijen hawwe. Ik snap allinnich net wêrom dêr sokke wurden by moatte en hoe dat by it keatsen past.

De fraach is eins net iens hoe dat by it keatsen past. It past der net by. No way!

It past yn lesboekjes foar managers. It sil wol hip, sexy en trendy wêze en dat is ek eksakt de reden wêrom it net by it keatsen past. Dat komt, omdat der gjin twa wrâlden fierder út elkoar lizze as dy fan it moderne manazjemint en dy fan in sport dy’t fan skiednis en tradysjes oan elkoar hinget. Keatsen is de sport fan ‘Achteruit!’,  ‘Hé juh, opgoaier!’ en ‘No do mar wer efkes’. De sport fan in rûntsje om in fjild kuierje en in bytsje lêbje oer wat wy sjogge en oer wat der allegear spilet. Fan de hiele dei wille hawwe mei je maten en op syn moaist thúskomme mei in rollade en in pear tientsjes. Foar sa’n rollade kinne je wol in supplier freegje, mar yn it keatsen snappe wy it ek wol as er gewoan fan Slagerij Attema fan Makkum komt. Dy neame wy dan sponsor.

Keatsen is net hip, sexy en trendy. Gjin punt. Just count your blessings.

Wat ik wol slim fyn, binne de pogingen om it der wol fan te meitsjen. It is de meast effektive wize om minsken fan in sport te ferfremdzjen. Ik kin ek wol wat betinke hear. Hawkeye, videowalls of oar nijmoadrich ark om it fjild hinne. Mar ek dêr feroaret it keatsen net om. In djoere sjonger dy’t foar in peartûzen euro efkes fluch in folksliet sjongt en dan ferdwynt as in dief yn de nacht? Guon minsken fine it grif leuk en aardich, mar wat it keatsen der oan hân? “Ja, it wie wat nijs.” En? Wat smiet it op? Waard it spul der better fan? Kaam er mear folk op ôf? It is my net opfallen.

Trust me. Der kinne grif wol saken oars, mar yn datsoart saken sit de potinsjele winst net. Stel, wy soene krekt as yn it tennis Hawkeye ynfiere, in systeem dat altyd goed sjocht of de bal yn of út is. Foutmarzje nul. Dan is it ek fuortendalik dien mei de diskusje yn en om it fjild of de bal no wol of net op it tou wie. Ik soe dat spitich fine, want it heart derby. Keatsen is gjin tennis (gjin tennisser trouwens dy’t syn bêd útkomt foar in rollade en in pear tientsjes), dus besykje it net iens. Lit ús elkoar lekker yn de bek hingje oer dy fraach of de bal no yn of út wie. Yn fuotbal kin in doelpunt miljoenen euro’s ferskil meitsje, mar fuotbal is keatsen net en oarsom. Miljoenen euro’s is echt in hiel soad rollades.

Nim ik it keatsen en de keatsers net serieus? O, jawol. Soe ik der oars safolle muoite foar dwaan en tiid ynstekke? Of alle wiken op in fjild omhingje? Ik wol der allinnich mei sizze, dat ik fan keatsen hâlden gie (en noch hâld) om wat it wie en net om wat se der somtiden fan besykje te meitsjen. En sa kom ik dus út by de PC. Dat bart my faker.

De PC is al dik 160 jier wrâldkampioen yn sa min mooglik feroarje en dochs organisearret de kommisje noch hieltyd de grutste en wichtigste partij fan it jier. De PC en hip? Really? It koepeltsje tsien sentimeter nei links of nei rjochts, wite linen giel meitsje en in pear plestik stuoltsjes yn stee fan houten bankjes. De PC is ea oprjochte om it keatsen te rêden en it iennichste wat de leden yn dik 160 jier betochten: lit alles safolle mooglik sa as it is. En ferdomd, it wurke ek noch. Of soe de PC dêr no ek oer fergaderje?

Joop van der Veen: “It moat sexy. Ik hâld fan sexy! Der moat in frou by!”
Johannes Westra: “Kinst ek te fier gean…”
Ids Hellinga: “Dat ‘freonen en freondinnen fan de PC’? Kin dat net oars?”
Siemen Volberda: “Ast ris begjinst mei ‘everybody happy?’”
Jan Bosgra: “Kin dat samar?”
Yn koar: “Yes, we can!”

Yeah right! Dat bart dus net. Not done. De mannen hawwe it oer it oantal ballen, dat besteld wurde moat. Sy oefenje wat mei de hoed (rjochterhân, Van der Veen, ik haw it wol sjoen) en nimme de tekst fan it folksliet nochris troch. Ynternet foar de parse? Dat hiene sy yn 1854 ek net. En troch mei de rûnfraach. Dêrnei giet it draaiboek fan 1854 wer yn de kast en it komt der in jier letter gewoan wer út en wy komme ek wer gewoan nei it keatsen sa as miggen op sjerp ôfkomme.

Op dizze webside stiet in útspraak fan Johannes Brandsma: “Om het spelletje niet moeilijk te maken, moet je het simpel houden.”

Simpel hâlde. De PC docht dat en hat der al mear as oardel ieu súkses mei. Dat binne lykwols allinnich mar de rânesaken. Ik gok, dat Johannes mear doelt op de saken dy’t er op it fjild sjocht. Der wurdt mear traind as ea, mar it nivo giet net navenant omheech. Ik sjoch keatsers dy’t ik heech sitten haw somtiden dingen dwaan dêr’t ik as taskôger neat fan begryp. It liket dan of je in grut talint as Lionel Messi mei oar materiaal (Scherjontsjes of sa) it fjild opstjoere en dan ferwachtsje, dat er itselde kin as op syn learen kicksen. Dat wurdt him dus net.

Wat it mei keatsen te krijen hat? Dit. It sit net yn in oare kleur line, in breder perk, skean opslaan, businesspartners, gearwurking mei oare sporten, mear rollades of oare fratsen. It sit yn itselde, goeie materiaal foar eltsenien en dan traine, traine en nochris traine. Krekt salang oant je it spul en it materiaal yn de macht hawwe yn stee fan oarsom. Is dat net gewoan de basis fan alles?


Back to basics as de hiele trúk? It soe samar kinne. In fjild, de goeie saken behâlde, mar wol mei it goeie materiaal foar eltsenien en in peloton keatsers dy’t mei dat materiaal omgean kin. Easy as pie. Is dan alles oplost? Grif net, want ik haw net de yllúzje dat ik yn tolvehûndert wurden op moandeitejûn alles samar efkes oplosse kin. It is mar in begjintsje. Keep it simple.

Dat Ingelsk fan my is trouwens likegoed fucking irritant, hè? Keatsen is net hip en dat is cool.

Dat yn alle gefallen moai sa litte.

Jacob Stelwagen 

(foto: Klaas Koopmans)

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in