Opgoaier (10) | Hip

0

If it ain't broke, don't fix it. Hip dochs? Efkes mei in pear Ingelske wurden smite. Cool. It betsjut safolle as: as it net stikken is, hoege je it ek net te meitsjen. Dat klinkt logysk, omdat it ek logysk is. Ik bin de namme fan it bedriuw fergetten, mar de KNKB hat no in businesspartner. En in supplier. Dat...

Opgoaier (9) | Kommissaris

0
Durk Gjaltema

Grut nijs dizze wike. Der moat in nije Kommissaris fan de Kening komme. Dy fan no wol leaver nei Eindhoven. Fan de provinsje fan Doutzen nei de stêd fan oranjeidioat Johan Vlemmix. Allegear suver sels witte, mar no moatte wy wat oars dus. Profylskets sus en sa? Te dreech. Ik haw de oplossing al fûn. Yn it keatsen. Wêr...

Opgoaier (8) | Statistyk

0

Stel... Je geane in jûn nei it teater. De foarstelling sil oardel oere duorje, mar de foarstelling leit sa faak stil om watfoar reden dan ek dat it effektyf heechút in oere duorre hat. Ik wit net wat jim dwaan soene, mar ik soe my slim bekocht fine. Is dat in ferwyt oan it keatsen? Dat it spul te...

Opgoaier (7) | Mear en better

0

Myn meidieling  dat de kâns hiel grut is dat de heale finales en de finale fan de Bûnspartij takom jier wer op it Sjûkelân ferkeatst wurde, feroarsake mar in lytse rimpeling yn de keatsfiver. Blykber is sok nijs net genôch om in skriuwende, pratende of filmjende sportsjoernalist yn beweging te krijen. It falt sawiesa net ta om in sportsjoernalist...

Opgoaier (6) | Keatstoto

0

Lit ik earst ien ding sizze: Johannes Brandsma hat tsien kear safolle ferstân fan keatsen as ik. Dêr is er it grif mei iens en as dat net sa is, dan is dat omdat hy fynt dat ik tweintich kear, tritich kear of noch mear sizze moatten hie. En ek dat kin best wier wêze. Dochs wol ik oan...

Opgoaier (5) | Hup, Ids!

0
Ids, Ids hellinga

Yn Frjentsjer is sneon de Zachte Bal PC. Wûnderlik fenomeen. In partij sûnder lange skiednis of tradysje en dochs binne der fjouwerensechtich kear trije manlju en froulju dy’t nocht hawwe om te keatsen. Dat binne der 192 yn totaal, mear as der by guon haadklassewedstriden ree binne om entree te beteljen en 155 mear as harren oanmelden hawwe foar de...

Opgoaier (4) | Douwe, Max, Marten

0
Marten Bergsma

It folk fêstige ôfrûne wykein de hoop op Douwe Bob, mar krige Max Verstappen. Wat no 'Slow down'? Fol gas! Dat moat Marten Bergsma ek tocht hawwe, doe't er moandei foar Minnertsgea op de Bûnspartij yn Frjentsjer stie. Sport en spultsjes dogge nuvere dingen mei minsken. Mear as twahûndert miljoen minsken seagen it Songfestival op tv. Of ik it sjoen...

Opgoaier (3) | Pieter

0
Pieter van Althuis, Franeker

As stikjeskriuwer brekke je je wolris de holle oer de fraach: wêr wol ik it oer hawwe? Ik wit wol, dat de Junioaren dit wykein keatse yn Peins. Ik wit wol dat de froulju haadklassers yn Jorwert steane. En fansels wit ik wol, dat der op moandei in Bûnspartij is. Mar al op moandeitejûn wie it helder. Pieter. It moat...

Opgoaier (2) | Boerd

0

Ja, it barde yn Tsjummearum op Himelfeartsdei. Bitgum wûn net allinnich fiif omlopen yn Weidum, mar werhelle dat yn Tsjummearum. En dus giene de krânsen wer mei nei Bitgum. No ja, nei Bitgummole. Mar wy as Bitgumers binne ree om te akseptearjen, dat Bitgummoolsters by ús hearre as sy wat winne. Sels sizze de keatsers no, dat de Bûnspartij (it...

Opgoaier (1) | In blauwe

0

Guon saken tinke je yn it foar al wol te witten. It reint altyd by de Bangmapartij yn Weidum. Of it is op syn minst sa kâld, dat je moarns foardat je fuortgeane kieze moatte tusken reinpak of skipak. Je witte de lêste jierren ek, dat Chris Wassenaar wint of dat de kâns dat dat bart yn alle gefallen...