Home laatste nieuws FREULE 2018: “Wy koenen hjoed net ferlieze”

FREULE 2018: “Wy koenen hjoed net ferlieze”

422
0

In een deelnemersveld vol met favorieten was het jongenspartuur van Anjum op de 116e Freulepartij de sterkste. Een primeur voor kaatsvereniging Klaas Thomas, want die afdeling won de Freule nog nooit. Reduzum werd als verliezend finalist tweede.

DE FINALISTEN

Gerrit Dijkstra (Anjum): “It gie allegear sa fliegend by ús, wy koenen hjoed net ferlieze. Dat fielst gewoan. I hie fannemoarn al it gefoel fan ‘dit wurdt him’. Hjir binne eins gjin wurden foar. Dit is fantastysk. Better as dit jier wurdt it net. It wurdt jûn in grut feest, dat stiet wol fêst.”

Sytse Koree (Anjum) na de achterstand (5-4 en 6-6) tegen Kimswerd in de tweede omloop: “Op dat momint wie ik al efkes benaud.”

Gerwin Dijkstra (Anjum): “It wie dit seizoen hieltyd krekt net. Mar hjoed keatsten we fantastysk. We fielden gjin druk en wienen alle trije goed.”

Jesper Tolsma (Reduzum): “Wy seagen it sneon al in bytsje oankommen, doe kaam it gefoel en de foarm. De knik yn de finale wie eins op 3-0 en 6-6. Doe pakkten dy mannen it earst wer. Ik moat sizze, dat dy mannen fantastysk wiene. Te goed foar ús.”

Gerrit Dijkstra (Anjum): “Wy wisten dat as wy by de opslach de ballen der wat foar hâlde, dan kinne wy it eltsenien dreech meitsje.”

Jesper Tolsma (Reduzum): “Eanjum wie hjoed te goed foar ús. Nei de minne oanrin rjochting de Freule hienen wy ferline wike tekene foar dizze resultaten.”

Gerrit Dijkstra (Anjum): “Wy binne bêste maten fan elkoar. Dit wie de lêste kâns om it mei ús trijen te winnen. It is slagge. De Freulewinst is foar ús. Dit pakt gjinien ús mear ôf.”

(bronnen: Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad, Omrop Fryslân, kaatsnieuws.com)

(foto’s: kaatsnieuws.com)