Der binne dit jier 8 debutanten op de PC. Wy stelle se graach efkes oan jim foar.
Remmelt Bouma (midden), berne 18 novimber 1996. Wennet yn Weidum en stie ferline jier yn de finale op de Keatsoff. Hjoed is syn earste PC. Ast op Remmelt Bouma sikest op ynternet fynst net folle. Wol dat derin A-klasse keatser wie, dus keatsen koe er wol, mar fynst him net werom by de grutte wedstriden lykas de Freule en Jong Nederlân. Mar dat is ek dreech ast de iennichste keatser bist yn dyn doarp en dyn kategory. Kinst sjen dat Remmelt in trochsetter is en datst sels as ienling op de PC stean kinst. Remmelt, in soad súkses.
Patrick van Dellen (19) út Berltsum stie ferline jier op de Keatsoff en wist him net te pleatsen. Hy moat doe tocht hawwe dat moat oars en dus pleatste er him dit jier streekrjocht foar de PC. Broer André stie wol op de Keatsoff mar wûn net. Wol wûnen de bruorren in dei earder de Jong Feintepartij yn Easterein. Yn 2011 wûn er it NK Pupillen. Ek waard er 5e op de Freule. In wike letter wûn er wol de Revanche Freule yn Jellum Bears. We binne benijd wat de PC foar dizze jonge Berltsumer bringt. In soad súkses Patrick.
Paul Dijkstra is fan jannewaris 2000 en wennet yn Bitgum. Paul sit yn it twadde jier fan de opleiding fan doktersassistint en it kin best wêze dat Paul ris bloed by jo prikt hat want hy wurket foar de tromboasetsjinst en meardere hûsdokters yn Fryslân. Dit is Paul syn earste jier by de senioaren en fuort de earste wedstryd pakte er al in twadde priis yn Holwert. Yn Skettens en Winsum pakte er de krânse op de twadde klasse mei syn maten Gabe-Jan en Stefan. Op de Jong Nederland wûn er in tredde priis. As 15e partoer hawwe se harren pleatst foar dizze PC. In hiele prestaasje foar dit jonge partoer. Sukses Paul
Gabe- Jan van Popta, berne op 12-12-2000. 17 jier ald dus de jongste dielnimmer op de 165e PC. En ek de jongste fan de ofrûne jierren. Gabe komt fan Lollum en wûn ferline jier de 5e priis op de Freule. Gabe-Jan keatste al KNKB-wedstryden doe’t er by de welpen siet. Ek Gabe hat in goed seizoen dit jier as earstejiers by de senioaren. Kommende snein kinne jim him sels mei syn maten Paul en Stefan op de haadklasse sjen yn Wytmarsum. Gabe begjint nei de simmer mei de oplieding ta fysiotheapeut. Sukses Gabe-Jan
Stefan van der Meer, wennet yn Baard. Berne yn april 2000 en de de soan fan PC-kening Thomas van der Meer. Yn 2017 wûn er in tredde priis op de Freule. Wat knap wie, want Stefan wie sa siik as in hûn. Hy fielde him beroerd, hie 40 graden koarts en hie net sliept. Ofrûne jier hat er in soad oan fitness dien om sterker te wurden. En dat hat holpen. Kaam Stefan by de jeugd noch wolris lingte tekoart, dit jier lit er sjen dat er prima meidwaan kin mei de “grutte jongens”. Mei syn maten Paul en Gabe en Johan van der Meulen as coach sil er it opnimme tsjin Auke Boomsma, Marten Feenstra, Laas Pieter van Straten. Súkses Stefan
Bouke Willem Tuinman pleatste him fia de Keatsoff foar dizze PC. Bouke wennet yn Dronryp en is berne yn oktober 1999. Syn broer Jan-Sipke, ek in keatser, omskriuwt syn broer as in entûsiaste keatser. ,,Hy woe altyd fuort te keatsen.” Dochs hat er de ofrûne twa jier net fuort west. Pas foar de twadde syklus betocht er dat er wer fuort woe te keatsen woe. Doe hat er sjen litten wat er kin: op it 19e plak yn de ranking en dan de Keatsoff winne fan keatsers mei PC- underfining. By de jeugd koe Bouke aardich meikomme yn de B-klasse. Oan de Freule hat er sels net meidien. Want ast yn in keatsdoarp as Dronryp wennest hast in soad konkurrinsje. Mar troch troch te setten stiet er hjoed wol op de 165e PC. Súkses Bouke
René de Haan, 18 jier ald, út Frjentsjer. Wurdt no al fergeleken troch it publyk mei Erik Seerden en Pieter van Althuis. René is werom te kennen oan syn fingerke. Hy wiist altyd mei de hân wêr’t er net mei slacht, de bal nei. Ek grutte prizen hat René net wûn.
It partoer fan Frjentser hie in protte potinsje, mar it wie by de Freule neffens kenners gjin team. Dochs liet René alles foar it keatsen. In echte leafhawwer dy’t no troch de Keatsoff syn earste PC keatst. Súkses René
De lêste debutant is Wybren Postma. We moasten efkes sykje om wat ynformaasje te finen oer dizze Ingelumer. Yn de doarpen Bitgum, Bitgummole en Ingelum hawwe se Lyts OKK. En dêr untdutsen we Wybren as kening fan de Tjeerd Bakkerpartij. Yn deselde beker stiet PC-keatser Tjisse Steenstra trouwens ek. Wybren kin ek muorrekeatsen seagen we. Yn 2010 waard er sels noch twadde op it EK. En ek is er kening wurden op de Lanen yn Harns. De ferwachtings binne dan ek heech. Wy winskje dy ek in soad súkses Wybren.