Home laatste nieuws Bram Bonnema foarsitter Keatsmuseum

Bram Bonnema foarsitter Keatsmuseum

515
0

Bram Bonnema fan Frjentsjer ( links op ‘e foto)  is de nije foarsitter fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer. Hy folget dêrmei Jan Hiemstra op dy’t yn novimber 2017 ôfskie nommen hat.

Bonnema wie al foarsitter fan de ferieniging “Vrienden van het Kaatsmuseum” en is dus goed ynfierd mei saken oangeande it Keatsmuseum. Foar de “Vrienden” wurdt in nije foarsitter socht. Bonnema hopet it Keatsmuseum mei stipe fan bestjoer en frijwilligers fierder út te bouwen. Sa sil der wurke wurde oan arranzjeminten yn kombinaasje mei in besite oan it Keatsmuseum. Ek sille der sprekkers út de sport- en keatswrâld útnoege wurde om harren ferhaal te fertellen.

Ald-foarsitter Jan Hiemstra bliuwt by it Keatsmuseum belutsen. Hy is beneamd ta ambassadeur fan it museum en is beskikber om it belang dêrfan breed út te dragen.

Foto: HENK BOOTSMA