Ik hie in nije bril nedich, want de âlde wie ik kwyt. Dat bart my faker en sûnder bril in bril fine, is noch net sa maklik. Ik lei de ferkeapster út, dat ik by bygelyks it keatsen net alles goed folgje koe. Ik sjoch it wol sa’n bytsje, mar it kin better. Besparje my it kommentaar, ik haw selsspot genôch.
“Ja, wy hiene al it gefoel datst it net hielendal helder seachst.”
“Dit ferklearret wol in soad, ja.”
Ensafuorthinne.
It is in bril foar fierôf, mar juster twifele ik ynienen of ik net better in lêsbril nimme koe. Der wie in mail fan in frachtwein fallen en dy bedarre úteinlik ek by my. Dy mail kaam fan bûnsdirekteur Geert Faber en wie rjochte oan alle haadklassers en oan de Vereniging voor Kaatsers. Strekking… Keatsers hawwe de klaaikeamer yn Dronryp achterlitten as Feyenoordsupporters de Coolsingel nei in ferliespartij. Der is guod fernield en der is guod ferdwûn. De Rypster keatsferiening en dêrnei ek it keatsbûn wiisden fuortendalik nei de keatsers. Want ja, dy hiene dy klaaikeamer brûkt. Wy makken der melding fan yn in berjocht op dizze webside, ynklusyf de reaksje fan keatser Dylan Drent. ‘Hoor en wederhoor’ en sa.
Dus… Don’t shoot the messenger.
Skandalich fansels, as keatsers soks dwaan soene. Let op… Ik sis… As sy soks dwaan soene. Ferline wike gie dizze rubryk oer in positive benadering fan it keatsen, ek fanút it keatsbûn sels. Ik fyn dat wichtich en nedich as wy mei ús allen it keatsen foarút helpe wolle. Dat smiet nochal wat likes op op Facebook. Dêr gie it net om. Je hoopje as stikjeskriuwer dat der dan wat feroaret, mar it liket der noch net echt op. Yn minder as in wike tiid leit der in mail wêryn tritich haadklassers oansprutsen op harren gedrach, wylst it efternei noch mar de fraach is of dy mail wol nei de werklike haadpersoanen stjoerd is.
En dan sjit it net echt op en leit eskalaasje op de loer.
Dochs moast ik earlik sein earst in bytje laitsje om de mail. Dat kaam troch it wurd “potverdorie”. Dat haw ik noch nea earder yn in mail of in brief sjoen, mar Faber brûkte it wol. It hat wat lullichs. Je wolle wol flokke en keihurd optrede, mar doare of meie it net. Ik moast sels in bytsje oan Bassie en Adriaan tinke. Dy hawwe it altyd oer “boeven”, sels as it om swiere kriminelen giet dy’t bommen meitsje, diamanten jatte en út finzenissen ûntsnappe. Doe’t ik better lies, langer neitocht en ek de reaksje fan keatser Dylan Drent meikrige, waard it ferhaal dochs oars. Dylan gie as lêste de klaaikeamer út en seit, dat dy der doe hiel oars útseach as Sjirk de Wal en it keatsbûn sizze. Punt is, seit er, de doar gie net fuortendalik op slot doe’t hy as lêste fuortgie. En wa seit, dat der dêrnei net ien mear binnen west hat?
Dêr hat Dylan potverdorie in punt dochs?
In bytsje komysk wie it ek wol dat de direkteur yn in mail oan tritich haadklassers en de VVK de hope útspruts, dat de saak de publisiteit net helje soe. Dan witte je miskien net hiel goed hoe’t it wurket yn de keatswrâld. It is al in keunst om in geheim te bewarjen as twa minsken derfan witte. Sa’n mail oan mear as tritich minsken stjoere, is freegje om in bak oan publisiteit. Soe eltse ûntfanger mei twa minsken prate, dan is it oantal minsken dat op de hichte is al gau in stik as hûndert. Leau my… Dat is gjin geheim mear. Op gjin inkel plak en yn de keatswrâld al hielendal net. Hie efkes in pear minsken belle en de saak hie in stik dúdliker west en it hie ús, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân werskynlik nea berikt. No moast Dylan sels de tillefoan pakke om ien en oar yn perspektyf te pleatsen.
Potverdorie.
Werom nei de ynhâld. Dylan kin hiel goed gelyk yn hawwe, wat my oanbelanget, en om in hiel simpele reden. Ik wie der net by, de keatsferiening wie der net by doe’t it barde en de bûnsdirekteur al hielendal net. Dat makket de beskuldigings oan it adres fan de haadklassekeatsers der net sterker op. It binne net mear as oannames en ien fan myn favorite Ingelske siswizen is: “Assumptions are the mother of all fuck ups.” Ofwol… Gewoan mar wat oannimme sûnder mei bewizen te kommen, is gerânsje foar ellinde. Krekt dy bewizen ûntbrekke hjir en it is neffens my noch altyd sa, dat eltsenien yn dit lân ûnskuldich is oant bewiisd is, dat dat net sa is. En dat is mar goed ek.
Wat bliuwt der dan potverdorie noch oer?
In klaaikeamer yn gaos, ûnbekende dieders en in mail op poaten fan in direkteur dy’t ek net witte kin hoe’t it krekt sit. It kinne yn teory keatsers wêze, mar it kinne neffens in oare teory ek hiel goed hiel oare minsken wêze. Dat jout op himsels net, want ek in direkteur kin net alles witte. Wat my wol fernuvert, dat dy direkteur yn ien alinea wiist op de kampanje Zonder respect geen kaatsen en yn deselde alinea sprekt fan “malloten” en tritich haadklassers oanwiist as potinsjele fertochten en as minsken dy’t it keatsen skea tabringe soene. No is Zonder respect geen kaatsen sawiesa al wat in holle sin, want sûnder respekt hawwe je überhaupt gjin libben. Hoefolle fierder wolle je in iepen doar noch iepentraapje? Mar oer respekt sprutsen… Je meie lilk wêze of teloarsteld, mar út dizze aksje en it brûken fan wurden as “onvolwassen” en “malloten” sprekt oars ek net it measte respekt. Respekt begjint nammentlik neffens my earst en foaral by jesels, ek as je direkteur binne. Better… Júst as je direkteur binne.
Potverdorie.
Ik wit ek net wat hjir wierheid is. Feit is dat Sjirk de Wal gjin idee hat wa’t de dieder of dieders binne (mar wol om ekskuses freget), dat de lêste keatser dy’t de klaaikeamer útkaam fan neat wit (en dus grif syn eksuses net oanbiede sil) en dat de direkteur syn konlúzjes al lutsen hat (en strafmaatregels foarstelt). Dêrmei ûntstiet in nuvere patstelling, want immen moat belies jaan. Mar wa dan? En hoe? De direkteur? Docht er it net, dan seit er sûnder it echt te sizzen dat Dylan Drent liicht. Dat liket my net de bedoeling. De keatsferiening? It keatsbûn? Ik soe it ek net witte, mar de skea is alwer oanrjochte. Foar de twadde wike op rige.
Potverdorie.
Ferline wike waarden de haadklassers op de webside fan it bûn ommers delsetten as in steltsje keatsprutsers, dizze wike yn in mail fan itselde bûn as “malloten” dy’t guod ferniele of sels stiekem meinimme sûnder, dat der oertsjûgjend bewiis lei. Dat helpt net echt as je besykje wat oan positive byldfoarming te dwaan. Je kinne it dan hawwe oer it “vlaggenschip”, mar myn ûnderfining is dat de measte keatsers harren it snot foar de eagen wurkje om yn it wykein in sa heech mooglik nivo te heljen. Dat dat net altyd slagget, heart ek by sport. Nettsjinsteande dat, lêze je as keatser de iene wike dat je der eins neat fan kinne en in wike letter dat je miskien wol ûnderdiel binne fan in soartefan kriminele keatsorganisaasje.
Dochs tink ik en hoopje ik, dat de keatsers hjir boppe steane en dat sy snein yn Sint Anne (de tagong is wer fergees, minsken) neffens harren bêste fermogen keatse en harren op alle mooglike wizen fan harren bêste kant sjen litte. Eins bin ik der fan oertsjûge, dat sy dat dwaan sille. Ik leau yn ús keatsers en ik leau dat sy it bêste mei harren sport of hobby foar hawwe. Jou se dan ek de behanneling dy’t sy allinnich al om dy reden fertsjinje. Frij nei John F. Kennedy… Freegje jim op it bûnskantoar net allinnich mar ôf wat de keatsers foar jim dwaan kinne, mar freegje jim ek ôf wat jim foar de keatsers en dêrmei de ferienings, frijwilligers en de taskôgers dwaan kinne. Dan komme wy mei elkoar in hiel ein.
Potverdorie.
Jacob Stelwagen