It keatsjier 2023 sit derop. It wie yn in hiel soad opsichten in bysûnder jier. En dat sil takom jier ek wol wurde…
Johannes Brandsma ferstoar flak foar de start derfan. Fertrietlik.
Hans Wassenaar wûn it klassemint krekt net.
Tjisse Steenstra wûn it klassemint krekt wol en fûn it eins spitich dat Hans it krekt net wûn.
Dat is in seldsum sportive útspraak.
De PC waard wat in wiete griemerij, mei goeie winners en in inkele minne ferliezer.
Taeke Triemstra is no de meast súksesfolle keatser ea.
De jongens fan Dronryp krigen, ek fan my, de bagger oer harren hinne èn wûnen de Freule.
Jan-Tymen Eisma woe my ynfalle litte op de earste klas yn Ingelum, mar leafst wol by de tsjinstanner.
Marrit Zeinstra pakte de Fjouwer Wimpels èn hâldt dermei op.
Huzum wûn it NK yn waarm Amsterdam. Leuk, sa’n skoalreiske.
Imro van der Meer hat mear krânsen by de welpen as dat de gevel fan it hûs romte hat.
Ik bin net ien kear belle troch de bûnsfoarsitter, dus ik tink dat we it no iens binne.
Der wiene wat eksperiminten, mar dy giene net echt earne oer.
Net ien eksperimint sjogge we takom jier werom.
Yn it noardeasten fan Fryslân slacht de jeugd foarbêst op.
Lollum wûn, mei mear skoalfamkes as famkes, de Ald Meierspartij yn Hitsum.
Der wiene in hiel soad wurkgroepen, mar fierder witte wy dêr neat fan.
De troch de PC sa moai opsette kompetysje foar junioaren stoar in stille dea.
Michiel Scheepvaart is de nije ballejonge. Fyn ik leuk. Sûnder ballen is der minder oan.
Frou Kaatsnieuws hat in namme, mar dy is eltsenien troch dy bynamme ferjitten.
De PC hat in nij kommisjelid dat my fuortendalik herkende. Net fan it keatsen, mar omdat ik te faak in nije tv keapje.
Te faak is trouwens in miening fan Frou Kaatsnieuws. It kommisjelid en iksels hawwe der hielendal gjin probleem mei.
Troch de rekôrjacht fan Taeke Triemstra koe ik faker as ea keatsen op dy tv sjen.
Allard Hoekstra wûn foar it earst sûnt 2018 in krâns op de haadklasse.
2018 is net wier, mar it wie wol lang lyn.
Tjisse Steenstra sei by de priisútrikking fan de PC: “Dêr wie ik alwer.”
It keatsjier 2024 komt deroan. It wurdt yn in hiel soad opsichten in bysûnder jier.
Jan Bles leaut net langer dat it keatsbûn feroarings echt oankin en hâldt op mei it oantsjoeren fan it fernijingsproses.
Gerdien krijt alle wiken blommen fan Taeke en hy hoecht se sels net te keapjen.
Hans kin it keatsen noch net in jier misse en is der noch folle faker by.
As Tjisse bellet, is Hans der sawiesa by.
By de Bangma Partij keatst Hans alwer.
Tjisse mei ek appe. As Hans mar keatse kin.
Der komt (hoopje ik) in permanint oantinken oan de keatser en persoan Johannes Brandsma.
Sjoerd de Jong, mearfâldich winner fan de Jong Nederlân en twadde op de PC fan 2014, komt werom.
Der binne safolle keatsers ophâlden ferline jier, dat der by de KNKB no in lampke baarnen giet.
Bestjoer: “We hebben een actiepunt: we creëren een werkgroepje en hangen daar een planning aan.”
Wurkgroepmateriaal: “De visie zoals verwoord door het netwerk kan dienen als uitgangspunt voor de projectmatige uitwerking van de agenda.”
En de weromkeppeling: “Het Overleg heeft kennisgenomen van de waardevolle suggesties die door de werkgroepen zijn gedaan.”
Dat is allegear ûnsin, mar werskynlik dochs net fier fan de wierheid.
De PC is útferkocht.
Sint Anne wint neffens Frou Kaatsnieuws de Freulepartij yn Wommels.
Nijewier wint de Ald Meierspartij yn Hitsum.
Ek neffens Frou Kaatsnieuws.
Yn guon plakken moat it publyk betelle wurde om te kommen.
Jan-Tymen Eisma freget my om yn te fallen yn syn eigen partoer. Kopkeatser, no?
Ah nee juh, allinne mar in folger en nea in bal slein.
Frou Kaatsnieuws hat wol in kear in bal boppeslein, mar ik neam de opslagger net.
It wie Jelte Visser trouwens.
Menno van Zwieten (earder fan Peins) wint syn earste PC.
Durk Gjaltema (earder fan Peins) moat gûle fan gelok.
Tjisse Steenstra by de priisútrikking: “Oant takom jier.”
Taeke Triemstra keatst syn lêste wedstriid op de Aldehoupartij yn Ljouwert.
Dylan Drent komt werom. Sin yn.
Der komt gjin serieuze wantekontrôle.
In weechskaal is noch hieltyd gjin serieuze kontrôle nammentlik.
Alle keatsferslachjouwers wurde in jier âlder.
Geert van Tuinen bliuwt de bêste fan dy ferslachjouwers, mar hoe lang wol en mei hy noch?
Ferdomd… Wy wurde sels ek in jier âlder….
Hans Wassenaar wurdt stikem wer de kening fan de PC.
Jacob Stelwagen