Opgoaier (39) | 47 tellen

3740
0

Johannes Brandsma ferstoar op 31 maart fan dit jier. Allinnich. Dat is in byld dat ik dreech kwytreitsje. De man, dy’t op t keatsfjild altyd by minsken yn de buurt wie, keas der foar om allinnich te gean. Yn syn hûs oan de Alde Loop yn Achlum. Gjin ôfskied fan it publyk dat him bewûndere. Net fan de keatsleafhawwers, wêrûnder iksels, dy’t him wurdearren.

De PC koe ferline jier net witte, dat Johannes foar it lêst op it Sjûkelân wie. En koe him dus ek net it ôfskied jaan, dat er fertsjinne. It barde dêrom op woansdei 2 augustus 2023 foar de finale fan de 170e PC. Sûnder Johannes derby. De foarsitter rôp minsken op, foar safier sy dat koene, om stean te gean en te klappen foar miskien (werskynlik) de grutste en bêste keatser ea. Dat applaus wie him yn 1990, nei syn lêste PC, ûnthâlden.

It applaus duorre 47 tellen. Best lang, mar nea lang genôch.

Ik tink, dat ik goed koe mei Johannes. Wol op syn wize. As ik wat sinnichs sei oer keatsen, yn syn eagen, dan koe er sizze: “Do bist miskien noch wol te rêden.” We hiene geregeld kontakt en it gie altyd oer keatsen. Altyd oer keatsen. Op it lêst gie it ek oer syn libben. Dat soe net lang mear duorje, sei er. Wy soene ôfprate, mar hy fertelde my net alles. Hy wie drok, sei er. Dat er al dagen mear as de helte fan de dei sliepte, sei er net.

“Hoe giet it,” frege ik yn de winter fan 2022-2023.
“Goed, mar net lang mear te libjen. Kanker.”

Ik frege him of er it moai fûn dat er op de doar fan it Keatsmseum komme soe. Jawis. Dat like him folslein normaal. De bêste heart op de doar. Hy woe it sels ek sjen, mar dat slagge net mear. In dei foar de iepening wie er al wei.

Ik ferlear flak derfoar myn heit en alles kaam werom. Johannes wie iepen en fertelde in soad, mar net alles. En dat wie syn goed rjocht.

“Sil ik delkomme?” frege ik.
“Prima, mar net dizze wike. Dan bin ik te drok.”

Dat wie net sa. Doe sliepte er al tweintich oeren deis.

Ik winske him in sêfte dea. Wat moatte je oars as it noch mar ien kant út kin? Hy lake. Sei: “Dankewol.”

Gean stean en klap, sei Ids. As dat kin. En dat barde. Dat wie moai. En tagelyk noait lang genôch. 47 tellen is net genôch foar de bêste. Dat soe er sels ek fine.

PC-foarsitter Ids Hellinga sei: “Ik tink, dat er it heard hat.”

Ik hoopje dat, mar de Bogt-tribune is nea wer deselde.

{Jacob Stelwagen}